Arriva wol skeafergoeding

© Omrop Fryslân
Arriva easket goed 100.000 euro fan it fakbûn FNV. De ferfierder wol it jild ha as skeafergoeding dy't ûntstien is troch de staking yn oktober. Sjauffeurs leinen it wurk del út protest tsjin it belied fan it kabinet. Arriva wie gjin partij yn dat konflikt.
Yn it bedrach sit ek boetes dy't Arriva krigen hat fan provinsjes en gemeenten. Dy binne opdrachtjouwers fan it ferfiersbedriuw. Arriva stapt by need nei de rjochter om it jild te krijen.