300 jier âlde fles wyn fûn

30 des 2003 - 00:00

In strânjutter hat tiisdei op Skylge in fles wyn fûn, dy't ieuwenâld is. De fles lei ûnder oan in dún. It is in rûne fles mei in lange hals út nei alle gedachten 1690. Dat betsjut dat de wyn goed trijehûndert jier âld is. De jutter hat net in slokje nommen, want de wyn rûkt hiel sterk.

Nei alle gedachten is de fles oanspield mei de stoarm fan oardel wike lyn. De fles sit foar de helte noch fol mei wyn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)