Skip hat ek losse fetten ferlern

© Omrop Fryslân
It skip dat oardel wike lyn trije konteners ferlern hat op de Noardsee, hat ek losse fetten mei gif ferlern. Dat die bliken nei de ynspeksje fan it skip yn it Dútske Bremerhaven. It giet om fyftich oant sechtich stiks. Mooglik is der gif út lekt.
Der is in lytse kâns dat de fetten oanspiele op Flylân of Texel. Der wurdt foar warskôge de fetten net oan te reitsjen. De fetten binne sawat in heale meter heech en ha in reade kleur.