Kollumerlân wol grutte attraksje

30 des 2003 - 00:00

Kollumerlân wol in grutte dei-attraksje om it toerisme yn 'e gemeente te fersterkjen. Dy moat hûndertûzen minsken yn it jier lûke. Ek moatte der mear hotels en grutte campings komme. De gemeente hat de plannen ûntwikkele yn oerlis mei de rekreaasje-bransj.

Ek moatte der mear fyts- en kanorûtes en lytstskalige attraksjes komme en kinne leechsteande pleatsen ta bêd en brochjes omboud wurde. De gemeente lit op 't stuit in imago-ûndersyk útfiere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)