Nikotinekaugum foar âlderen

© Omrop Fryslân
Fergese nikotinekaugum moat bewenners en personiel fan fersoargingstehûs Leppehiem yn Akkrum fan it smoken ôfhelpe. Troch it strangere smookbelied mei tenei net mear smookt wurde yn it kafee en yn oare iepenbiere romtes. It mei inkeld noch mar yn 'e eigen wenkeamer.
De nije smookregels gean per 1 jannewaris yn. Yn bedriuwen binne de regels ek oanskerpe. In soad hawwe in spesjale smookôfsûchpeal besteld.