Tal ferkearsdeaden tanommen

30 des 2003 - 00:00

It tal ferkearsdeaden yn Fryslân is it ôfrûne jier tanommen. Ferline jier foelen der 45 slachtoffers, dit jier 60. Benammen yn Noardeast-Fryslân foelen mear deaden, fyftjin mear as ferline jier.

De plysje tinkt dat der in ferbân is tusken it tal slachtoffers en de kontrôles. Want op de trajekten dy't ûnder Fryske Diken falle en dêr't in soad kontrôle is, wiene dit jier net folle deadlike ûngelokken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)