Thússoarch klokje rûn berikber

30 des 2003 - 00:00

Thússoarch Het Friese Land is fan freed ôf 24 oeren deis telefoanysk berikber. Ferpleechkundigen sitte klear om de klanten te wurd stean.

By de soarchsintrale kinne minsken bygelyks trochjaan dat de help de oare deis net hoecht te kommen, of krekt wol. Mar ek bygelyks in jonge mem dy't in fraach hat oer it boarstjaan of iensume âlden meie belje. De ferwachting is dat de húsdokters it sa wat rêstiger krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)