Fergifkonteners lokalisearre

30 des 2003 - 00:00

De trije fergifkonteners dy't op 'e boaiem fan 'e Noardsee lizze, binne weromfûn. Se lizze 22 km út 'e kust tusken Tessel en Flylân. Dat is itselde plak as dêr't se oardel wike ferlyn by stoarmwaar oerboard sloegen.

Twa fan 'e trije konteners binne ûnderwilens identifisearre. Ien fan 'e twa konteners is skuord, mar der lekt gjin fergif yn see om't de fetten noch hiel binne. Hoe it mei de tredde kontener is, moat noch bliken dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)