Ekstra stipe foar minima

30 des 2003 - 00:00

In aksje foar minima yn Gasterlân-Sleat hat in rekord fan 11.000 euro opsmiten. Dat jild is ûnder 170 minsken yn de gemeente ferdield. De aksje is bedoeld as stipe mei de djoere Feestdagen. Tsjerken en partikulieren stelle it jild beskikber.

Minima kinne anonym in oanfraach yntsjinje en alle jierren wurde dat der mear. It jild wurdt ferdield per húshâlden. In ienpersoanshûshâlden krijt 50 euro, in fjouwerpersoans 140.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)