Mysterieus ûngemak yn St. Anne

30 des 2003 - 00:00

Op de Elandslaagte yn Sint Anne binne moandeitenacht in 28-jierrige frou en har berntsje (1) ferwûne op strjitte fûn. De frou wie bûten westen. Buorlju hiene in klap heard, wêrnei't it berntsje begûn te gûlen. Se fûnen de twa doe op strjitte.

Gjinien hat foar it ynsidint wat fernommen. De plysje wit ek noch net wat der te rêden wie. By in buertûndersyk binne ûnderwilens al fiif minsken heard.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)