FNP: Ljouwert harket net goed

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert hat net goed harke nei de bewenners fan de Westerparkwyk oer it nije ferkearsplan 'Westlike binnenring'. Dat moat opnij yn de ried bepraat wurde, fynt de FNP-fraksje.
De gemeente wol it sintrum fan de stêd autofrij meitsje troch auto's út it suden oer de Westersingel te lieden. De wyk en de FNP ferwachtsje dêr grutte swierrichheden fan. De ried hat lykwols al in beslút naam. De FNP fynt it in sleauwe oanpak fan de gemeente.