Syktocht gifkonteners giet troch

30 des 2003 - 00:00

It bedriuw Geolab út Den Helder is sûnt moandei mei in spesjaal skip op de Noardsee oan it sykjen nei 3 konteners mei gif. Dy sloegen ferline wike troch in stoarm fan in frachtskip, dat ûnderweis wie fan Antwerpen nei Bremen.

It gefaar bestiet dat de konteners oanspiele op it strân fan Flylân of Texel. Dêrom is ferline wike al socht mei in fleantúch, mar dat hat neat smiten. De ynhâld fan de konteners is tige skealik foar it miljeu.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)