Drokke dagen foar Dokterswacht

29 des 2003 - 00:00

De Dokterswacht Fryslân is de ôfrûne dagen bedobbe ûnder telefoantsjes fan pasjinten. De measte minsken bellen om't se de gryp hiene.

De drokte waard mei feroarsake troch in telefoanyske steuring op Earste Krystdei, wêrtroch't de Dokterswacht tydlik net te berikken wie. Yn kombinaasje mei it lange krystwykein soarge dat foar de ekstra drokte, neffens direkteur Toeter fan de Dokterswacht Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)