Oanfaller brassband meldt him
In 26-jierrige Noardburgumer hat bekend yn de krystnacht brassband Bernlef oanfallen te hawwen. De man ried mei syn auto ferskate kearen yn op de band dy't oan it spyljen wie by doarpshûs De Balstien.
Nei eigen sizzen soe de man te folle dronken hawwe en wie der net in oar motyf yn it spul. De Noardburgumer hat him snein frjwillich oanmeld by de plysje.