Fryske Gea ferliest 700 leden

28 des 2003 - 00:00

It tal leden fan it Fryske Gea is ôfrûne jier mei sa'n 700 minsken werom rûn. Dêrtroch hat de natuerorganisaasje no wer minder as 22.000 leden. Dat docht bliken út sifers fan it Vara-radioprogramma Vroege Vogels.

It tal leden fan miljeu- en natuerorganisaasjes rint yn it hiele lân werom. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten hat tsjin de trend yn hast njoggentich leden der by krigen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)