Wykein FM slút '03 ôf yn Harkema

© Omrop Fryslân
It programma Wykein FM fan Omrop Fryslân kaam sneon streekrjocht út de kantine fan sneonshaadklasser Harkemase Boys. Yn de grôtfolle kantine fan de Boys waard in betiden hilaryske útstjoering makke.
It gie de hiele middei oer fuotbal en in kar fan promininten út de fuotbalwrâld kamen oan it wurd. Sa waard der ûnder oare praat mei de foarsitters fan Hearrenfean en Cambuur: Riemer van der Velde en Wytze Adema.