St. Thomas-lieden yn Ketlik

© Omrop Fryslân
Ketlik stie sneon hielendal yn it teken fan Sint Thomas. Sûnt Sint Thomasdei ôfrûne snein wurdt dêr de klok lieden om lykas fanâlds de boaze geasten te ferjeien. Sneon stie it Grinzer klokliedersgilde de minsken fan Ketlik by.
Besikers koene oan de oaljekoeken mei glühwein en meie de klok sels ek efkes liede. Fierder is der in spesjale útstalling yn it 16e ieuske tsjerkje fan Ketlik oer de Sint Thomastradysje.