Brân fernielt gymseal Ljouwert

27 des 2003 - 00:00

In koarte, fûle brân hat sneon in leechsteande gymseal oan de Ruisstrjitte yn Ljouwert folslein fernield. De leechsteande seal heart by katolike basisskoalle De Sprong. It gebou waard brûkt foar opslach, mar soe ôfbrutsen wurde.

It fjoer is sa goed as wis oanstutsen, want de brân ûntstie op trije plakken tagelyk. De basisskoalle en de njonkenlizzende fêstiging fan Piter Jelles Junior hawwe net yn gefaar west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)