Oanspielde seehûnen op Flylân

27 des 2003 - 00:00

Flylân hat it op it stuit drok mei oanspielde jonge seehûnen. De bisten waarden ferline wike troch har âlden fan sânplaat De Richel oerbrocht nei it strân oan de eastkant fan Flylân.

Om de bisten rêst te jaan, is it stik strân ôfsletten foar motorisearre ferkear en ek kuierders wurde frege om ôfstân te hâlden. Mar net elkenien docht dat, mei as gefolch dat twa seehûnejongen yntusken ferstjitten binne troch har âlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)