Ernst spilet remise tsjin Smeets

27 des 2003 - 00:00

Yn de fyfde ronde fan it Harmonie-toernoai yn Grins binne de trije grutmasters fan it selskip oan kop kaam. Nijboer en Kurnosov wûnen, wylst Gagunashvili remise forsearre. 3,5 punt ha se no, mei noch fjouwer rondes te gean.

Werle melde him foar dizze ronde siik. Hy hat de gryp en sil nei alle gedachten ek sneon net meidwaan. Sipke Ernst stiet no op in dielde 7e plak. Hy spile remise tsjin Jan Smeets.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)