Minder minsken nei meubelsaken

© Omrop Fryslân
De meubelboulevards lûke dit jier op Twadde Krystdei folle minder minsken as de ôfrûne jierren. Guon bedriuwslieders fan 'e Kingsize Woonboulevard yn Drachten tinke sels dat de iepening fan de meubelsaken op Twadde Krystdei syn langste tiid hân hat.
Troch alle keapsneinen binne de minsken wat wurch fan it keapjen. Boppedat ha in soad Friezen de lêste tiid minder jild om hannen. In pear jier lyn wie Twadde Krystdei noch in topdei.