Tekoart museum Stedhûs Sleat

© Omrop Fryslân
Museum Stedhûs Sleat hat yn 2003 tefolle minsken koarting jûn op de tagongskaartsjes. It museum slút dêrtroch dit jier ôf mei in tekoart op de begrutting. Dochs giet it net min mei it museum, dat dit jier 7.000 minsken luts.
Direkteur Albers fan Museum Stedhûs Sleat wol it tekoart oansuverje troch mear donateurs te winnen. De priis fan it tagongskaartsje giet yn elts gefal net omheech.