250 Kryst-kuierders Elslo

25 des 2003 - 00:00

Sa'n 250 minsken hawwe op Earste Krystdei meidien oan de tradisjonele krystkuier fan VVV-Elslo. De tocht waard foar de 34-ste kear organisearre. De dielnimmers rûnen 12 kilometer troch it Drints-Fryske Wold en krigen dêrby útlis fan in gids.

Oan 'e ein fan 'e tocht krigen de dielnimmers poeiermolke of waarme wyn, in panne snert en in oantinken. Op Twadde Krystdei is der in Krystkuier by Bakkefean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)