Dieven betrape yn Snits

© Omrop Fryslân
De plysje hat op Krystjûn in groepke jongeren trappearre by in ynbraak yn in skoalle oan de Dr. Kuyperleane. Trije jongeren waarden by de skoalle troch de plysje oanhâlden, in fjirde kaam letter út himsels by it plysjeburo.
It giet om trije jonges en in famke yn 'e âldens fan 16 oant 18 jier. In fyfde fertochte naaide út op 'e fyts, mar de plysje wit om wa't it giet. De jongeren wiene, doe't de plysje kaam, dwaande om in tillefyzje te stellen.