Radarferklikker mei net mear

© Omrop Fryslân
Autoriders mei in radarferklikker kinne fan 1 jannewaris ôf tidigje op in hege boete. Dat is in gefolch fan in útspraak fan 'e rjochtbank yn Den Haach. Fabrikanten fan de radarapparaten dy't warskôgje foar flitspeallen hiene de saak oanspand tsjin minister Peijs fan Ferkear.
De minister fynt dat radarferklikkers de ferkearsfeiligens yn gefaar bringe. De fabrikanten ûntstride dat, mar ferlearen de rjochtsaak.