Henk Bos nei EK shorttrack

25 des 2003 - 00:00

Shorttracker Henk Bos (23) fan Warten is opnommen yn 'e Nederlânske seleksje foar EK shorttrack. Bos twong syn seleksje ôf troch by seleksjewedstriden earder dizze wike sechde te wurden. Bos is de iennichste Fries yn 'e seleksje; alle oaren komme út Súd-Hollân.

Op in trainingskamp yn Dútslân wol Bos de kommende wiken besykje om oan snelheid te winnen. De Europeeske Kampioenskippen binne op 17 en 18 jannewaris yn Zoetermeer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)