Wanbetellers op 'e foto

24 des 2003 - 00:00

Pomphâlder Rinze Bouma út Ljouwert hat syn nocht fan minsken dy't by syn tankstasjon tanke mar net betelje. Om de oandacht op it probleem te festigjen hat er inkele grutte foto's fan wanbetellers ophongen foar it rút.

De foto's komme fan paspoarten fan minsken dy't wol tankt hawwe, mar net betelle. It ûnderpân, it paspoart helje se net mear op. Neffens de plysje is it skeining fan de privacy, mar Bouma wol syn jild ha. By need fia de skandpeal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)