Rodenhuis trainer fan VVOG

© Omrop Fryslân
Wieb Rodenhuis fan Britsum wurdt it kommende seizoen trainer fan sneons- haadklasser VVOG út Hurderwyk. Rodenhuis is op dit stuit haadtrainer fan earste klasser Drachtster Boys.
De trainer út Britsum koe oan it begjin fan dit seizoen ek al nei VVOG, mar Drachtster Boys woe him doe net gean litte. Ald-Cambuurtrainer Rob McDonald is no trainer fan VVOG. Assistint- trainer fan Drachtster Boys René Bakhuis giet ek fuort.