Bartje siket grutte foarbyld op

23 des 2003 - 00:00

It byld fan Bartje is moandeitenacht yn Kimswerd sinjalearre, sa meldt RTV Drenthe. Begjin desimber waard it byld 'ûntfierd' yn Assen en sûnt dy tiid is it wei. Bartje is yn Kimswerd op 'e foto set njonken Grutte Pier. Dy foto is nei in krante ta maild.

Yn 'e bygeande e-mail freget Bartje him ôf oft er te lyts is om yn Drinte in held te wêzen. It byld is no noch poater. Nei alle gedachten hat in Aldjiersploech it yn hannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)