Ferhúzjen wetterskip grutte put

23 des 2003 - 00:00

Hûnderten kompjûters, burostuollen, telefoans, kapstokken en mappen mei papieren fan it Wetterskip Fryslân feroarje dizze wike fan plak. Alle wetterskippen yn Fryslân wurde yn it nije jier ien organisaasje.

Fan alle kantoaren bliuwe allinnich Drachten, Snits, Dokkum en Ljouwert iepen. It wetterskip hopet sa goedkeaper en effisjinter te wurkjen. De boarger kin it wetterskip tenei op ien telefoannûmer berikke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)