Krystkaart bliuwt populêr

23 des 2003 - 00:00

It stjoeren fan in papieren krystkaart bliuwt populêr ûnder Friezen, nettsjin- steande alle moderne kommunikaasje- middels as e-mail en sms. Dat docht bliken út de drokte by ûnder mear it distribúsjesintrum fan TPG yn Ljouwert dy't like grut is as oare jierren.

De topdrokte hat foarige wike west, doe't yn it sintrum mear as oardel miljoen poststikken sortearre waarden. Mar ek dizze lêste dagen foar Krysttiid leit it tal om it miljoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)