Plysjenijs: losse hûnen en 112

© Omrop Fryslân
In 48-jierrige man út Middenmeer is moandei op Skylge bekeurd om't er syn hûnen net oan it tou hie. Hy krige in warskôging mar letter betrape de plysje him wer. De man waard lilk en wegere mei te wurkjen. Hy is yn de boeien meinaam nei it buro.
In 38-jierrige Drachtster is tiisdei oanholden nei't er 23 kear alarmnûmer 112 belle hie. De man waard earder mishannele op de Noardkade. De plysje advisearre him doe oanjefte te dwaan.