Hearrenfean wol Jaap Stam

© Omrop Fryslân
Fuotbalclub Hearrenfean wol Jaap Stam graach kontraktearje. De ferdigener liet koartlyn witte dat er yn 2005 yn Nederlân syn karjêre ôfbouwe wol. De foarsitter fan Hearrenfean hat Stam witte litten dat er yn it Abe Lenstrastadion in waarm wolkom krijt.
Neffens foarsitter Van der Velde wol Stam syn karjêre yn it Noarden ôfslute. Hy kaam Stam by in ynterland tsjin. "Ik ha him der oer sprutsen. Mear net," sa seit Van der Velde.