Kampanje oar gedrach by spoar

22 des 2003 - 00:00

ProRail set in kampanje op poaten om de sitewaasje by spoaroergongen feiliger te meitsjen. Alle jierren soargje gefaarlik en stoer gedrach foar sa'n twahûndert ûngelokken by it spoar.

In soad deaden komme trochdat minsken noch op it lêste momint ûnder bomen trochfytse of der mei de auto trochhinne slalomme. Ek fandalisme soarget foar ûnnedige slachtoffers. ProRail en de plysje wolle sok gedrach oanpakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)