Kalkoene drive-in súkses

22 des 2003 - 00:00

Sûnt moandei wit ek Fryslân wat in kalkoene drive-in is: in adreske dêr't men bestelde kalkoenen mei de auto ophelje kin. Poelier Piet van Veen fan Goaiïngaryp hat yn Monster al tsien jier sa'n saak, moandei besocht er it yn syn wenplak.

Moandei kamen der 140 klanten. Neffens Van der Veen kin dat der yn de takomst sa'n tûzen wurde. Om oerlêst foar doarpsgenoaten wat te ferljochtsjen jout er har tsien persint koarting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)