Noch gjin oefensintrum brânwacht

22 des 2003 - 00:00

It duorret noch seker twa jier foar't it nije oefensintrum fan de brânwacht yn Drachten út ein sette sil. Dat sintrum moat komme op in stik grûn dêr't earder it wenweinkamp siet.

Yn maaie fan dit jier waard dy lokaasje bekend, mar it docht bliken dat der noch in soad regele wurde moat. Sa moat noch in oplossing fûn wurde foar de fersmoarging fan it terrein. Dy is ûntstien troch de opslach fan autowrakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)