Betonning yn Waadsee bliuwt

22 des 2003 - 00:00

Op de betonning yn de farrûte nei de Waadeilannen sil net besunige wurde. Rykswettersteat hat besletten om it tal beakens dat yn de Waadsee leit te hanthavenjen. Wol sil besjoen wurde oft it ûnderhâld fermindere wurde kin.

Troch de betonning minder faak skjin te meitsjen, kin der effisjinter wurke wurde. Dan kin dochs jild besparre wurde. Op plannen om it tal beakens yn de Waadsee mei 40 prosint te ferminderjen, kaam in soad krityk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)