Rjochter: kreakers moatte fuort

22 des 2003 - 00:00

De minsken dy't de âlde boekbinerij fan Scheepstra oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert kreake hawwe, moatte derút. Dat hat de rjochter moandei bepaald.

Eigner Scheepstra fan it bedriuwspân hie in koart pleit tsjin de kreakers oanspand omdat it gebou net leech stean soe, mar sûnt mids septimber ferhierd is. De hierder wol net betelje, salang't de kreakers yn it gebou sitte en dêr hat Scheepstra in soad skea fan. De kreakers moatte der yn twa dagen út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)