Hilbert de Vries wint fjildrin

21 des 2003 - 00:00

Ald-Warkumer Hilbert de Vries waard snein earste by de noardlike kampioenskippen fjildrinnen yn Aldeberkeap. Hy die 34.33 minuten oer de ôfstân fan 10.800 meter. Twadde waard de winner fan ferline jier, Erik Niemeijer, mei in tiid fan 35.15.

Yn har eardere wenplak wûn Anita Looper by de froulju. Sy rûn de 5500 meter yn 18.34 minuten. Ofrûne wike waard se noch 45ste op it EK kross yn it Skotske Edinburgh.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)