Koart plysjenijs

21 des 2003 - 00:00

By in botsing op in krusing by De Gordyk is sneon in ynwenster fan Jobbegea (44) ferwûne rekke. De frou krige gjin foarrang fan in frachtwein. Har auto waard fol rekke. Se is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs fan It Hearrenfean.

In 24-jierrige Feanster is oanhâlden om't er by in fjochtpartij twa manlju ferwûne hat mei in stikken fleske. Sels rekke de man ek ferwûne, inkelde sinen fan in finger wiene trochsnijd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)