Noch mear subsydzje foar Hemrik

© Omrop Fryslân
Yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert hat fan it Ryk hast 75.000 euro ekstra krigen. Dat jild komt boppe op de subsydzje fan 45.000 euro dy't it yndustryterein al earder krigen hat fan de gemeente Ljouwert en de provinsje.
De bedriuwsferiening fan De Hemrik wol it jild brûke foar de duorsume ûntwikkeling fan it park op it mêd fan feilichheid, ôffalstjoering, ferfier en sinne-enerzjy.