Groenewold & Tuitert winne 1500m

© Omrop Fryslân
Wieteke Cramer is har earste plak yn it klassemint by it NK Allround yn Eindhoven kwyt. Se wûn sneon earst de 500 meter en waard letter tredde op de trije kilometer. Op de 1500 meter eindige Cramer snein as fjirde, yn in tiid fan 2.05.17. Se sakke dêrmei nei it twadde plak yn it klassemint, achter Renate Groenewold.
By de manlju wûn Mark Tuitert op de 1500 meter, mei in nij baanrekord fan 1.50,23. Ids Postma waard fjirde.