Krystkongres oer yntegraasje

© Omrop Fryslân
Minsken dy't yn Fryslân komme te wenjen, moatte better yntegrearje yn ús provinsje. Oer dat tema wurdt sneon en snein debatearre troch Fryske studinten út it hiele lân, op it tradisjonele Krystkongres yn Frentsjer.
De Federaasje fan Fryske Studinten, dy't in kongres organisearret, fynt dat net-Friezen har te min oanlûke fan it deistige libben en taalgebrûk yn ús provinsje.