Protest sportfiskers yn Ljouwert

20 des 2003 - 00:00

Goed 100 sportfiskers ha sneon yn Ljouwert protestearre tsjin provinsjale plannen om de beropsfiskers mear romte te jaan. Beropsfiskers meie op de Fryske binnenwetters allinne op iel fiskje. Mar se wolle ek wer skubfisk sa as bears en snoekbears fange.

De rjochten dêrfan ferkochten se yn 1976 oan de sportfiskers foar 700.000 gûne. Mar no't it min giet mei de ielstân wolle de beropsfiskers de skubfisk werom ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)