Baas leit krityk neist him del

20 des 2003 - 00:00

De provinsje hat lak oan de krityk fan de opposysje op it foarstel fan in sûnens-ûndersyk ûnder omwenjenden fan de ATF-brân. Neffens de opposysje hat de provinsje sa'n ûndersyk yn oktober al tasein en moat it der gau komme. Deputearre Baas lûkt him dêr neat fan oan. Hy wol earst seker witte dat it ûndersyk nedich is. Dat wurdt no útsocht troch ûnder oaren de GGD, de ynspeksje fan it ministearje fan VROM, de provinsje en de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)