Kollumer Foarstrjitte fernijd

© Omrop Fryslân
Kollum hat syn fernijde Foarstrjitte. Sneon waard de winkelstrjitte fan it doarp offisjeel iepene troch boargemaster Bilker. Dêrmei komt in ein oan in perioade fan ferbouwingsoerlêst foar de ûndernimmers en it winkeljend publyk.
Mei de renovaasje fan de winkelstrjitte wol de ûndernimmersferiening auto's safolle mooglik út it sintrum keare. De oanpak hat 750.000 euro koste.