AZC Burgum bliuwt iepen

© Omrop Fryslân
It azc yn Burgum bliuwt foarearst iepen. Dat hat it COA besletten. De beslissing hat te krijen mei it beslút om ek it distriktskantoar fan it COA op it azc-trrein yn Burgum te festigjen.
Op dit stuit hat Fryslân ek noch klusterkantoaren yn Ljouwert, Wolvegea en Harns. Dy geane op koarte termyn ticht. It COA hat foar Burgum keazen om't dat goed berikber is. It azc yn Burgum soe febrewaris takom jier slute, mar de 400 bewenners meie no bliuwe.