Dûane fynt pakje....

19 des 2003 - 00:00

De dûane op Skiphol hat op Sinteklaas in kilo kokaïne ûnderskept, bestimd foar in adres yn it Valeriuskwartier yn Ljouwert. De partij drugs kaam út in Súd-Amerikaansk lân en hat in strjitwearde fan in ton.

De plysje hat de kokaïne sels ôflevere by de 'bestellers'. Yn de wenning waarden twa Ljouwerters fan 18 en 31 jier oanholden. Trije dagen letter is noch in 28-jierrige man út Ljouwert oppakt. Ien fan harren sit noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)