Wetterfûgels ûnder de oalje

19 des 2003 - 00:00

Ten noarden fan de Waadeilannen wurde op dit stuit hûnderttûzenen wetterfûgels bedrige troch in oaljeplak. By it fûgelopfansintrum de Fûgelpits yn Eanjum binne yntusken tsientallen mei oalje besmarde fûgels binnenbrocht.

Wêr't de oalje weikomt is net dúdlik. Gaatske Wiersma fan de Fûgelpits giet der fanút dat in skip oalje loasd hat. Neffens frou Wiersma binne de oanspielde fûgels goed smoarch.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)