NMa-boetes foar boubedriuwen

19 des 2003 - 00:00

In grut tal bou-ûndernimmings hat swiere boetes oplein krigen foar it meitsjen fan ferbeane priisôfspraken by Fryske projekten. It giet dêrby om it ûnderhâld fan diken. De boetes binne oplein troch de Nederlânske Mededingingsautoriteit (NMa).

In fiiftal Fryske opdrachtjouwers hat skea hân fan de ferbeane priisôfspraken lykas de provinsje en Rykswettersteat. De NMa lei Yngenieursburo Oranjewâld in boete op fan 1,2 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)